Njoggen fertochten fan stellerij Noardeast-Fryslân oanholden

07 maaie 2015 - 11:34
  • Ynbraak

De plysje yn Noardeast-Fryslân hat njoggen manlju fan 19 oant en mei 27 jier oanholden as fertochten fan in searje ynbraken yn skuorren en garaazjes. Dêrby waard in soad ark stellen. De fertochten komme allegear út it gebiet. Fiif fan harren sitte noch fêst. De plysje begûn in ûndersyk nei't it tal ynbraken begjin dit jier sterk tanaam. Begjin maart waarden yn Bûtenpost de earste trije fertochten oanhâlden. Letter binne de oare seis fertochten oanhâlden. Yn de wenningen fan de manlju is in soad stellen ark fûn.

Nei de oanhâlding fan de manlju is it tal ynbraken yn de omjouwing sterk fermindere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)