Njoggen bunder nije natuer by De Potten

03 mrt 2015 - 14:42

In gebiet fan njoggen bunder yn de Grutte Potten yn Snits wurdt op 'e nij ynrjochte foar natuer en rekreaasje. It giet om it gebiet tusken rekreaasjeterrein De Potten en de Houkesleat. In part wurdt ûnder wetter set. Der wurde ek lytse eilannen oanlein. It gebiet moat sa oantrekliker wurde foar de reade wrotmûs, fisken en fûgels.

Der komt boppedat in muorre foar sweltsjes en flearmûzen. Wetterskip Fryslân, de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje sille oparbeidzje by de oanlis en ynrjochting fan it terrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)