Njoggen basisskoallen ticht

01 jul 2014 - 16:49

Njoggen basisskoallen yn Fryslân hâlde nei dit skoaljier op te bestean. Se ha te min learlingen om selsstannich iepen te bliuwen en dêrom gean dizze wike de doarren definityf ticht. Guon fusearje mei oare skoallen, mar it skoalgebou wurdt op njoggen plakken sletten. Guon doarpen ha dan hielendal gjin skoalle mear. It giet om de skoallen fan Sigerswâld, Jonkerslân, Blije, Aldebiltsyl, Gersleat, It Hearrenfean (De Atlas), Haulerwyk, Winaam en It Heidenskip. Yn Sigerswâld betsjut dit dat der nei 92 jier in ein komt oan it basisûnderwiis.

Yn Achlum, Winsum en Munnikebuorren fusearje skoallen, sadat dêr noch wol in skoalle oerbliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)