Niteliner nije diskobus

15 jun 2007 - 14:21

Fan 23 juny ôf kinne besikers fan de diskoteken Sans Souci en The Dance Factory yn Berltsum mei in nije bus op stap. De Niteliner bringt de stappers om alve oere nei de disko. Nachts kinne se tusken twa en fiif oere wer nei hûs mei de bussen. In inkele reis kostet fiif euro, in retour acht euro.

De niteliner rydt alle sneontenachten tusken Berltsum en ûnder oare Hallum, St. Anne, Harns, Frjentsjer en Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)