Nipte oefenwinst SC Hearrenfean op MVV yn Easterein

17 jul 2015 - 22:51

Sportklup Hearrenfean hat freed it oefenduel tsjin MVV mei lyts ferskil wûn. Op it fjild fan SDS yn Easterein waard mei 1-0 wûn fan de Limburgers troch in goal fan Luciano Slagveer yn de 72e minút. Hearrenfean wie de hiele wedstriid de boppelizzende partij, mar de ôfrûning wie net it sterkste punt. Keeper Erwin Mulder stie foar it earst ûnder de latte en hâlde dus by syn debút de goal skjin.

Mulder komt oer fan Feyenoord en en hopet mei syn ûnderfining de jonge seleksje fan de Feansters foarút te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)