Nilsson oproppen foar ynterlân

08 nov 2006 - 10:25

Oanfaller Lasse Nilsson fan SC Hearrenfean is troch de Sweedske bûnscoach oproppen foar de freonskiplike ynterlân tusken Ivoarkust en Sweden op 15 novimber. Ek oanfierder Petter Hansson fan Hearrenfean sit yn de seleksje.

Nilsson spile oant no ta ien kear foar it nasjonale alvetal fan Sweden, mar dat is alwer twa en in heal jier lyn. Ald-Hearrenfeanspiler Erik Edman is ek oproppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)