Nijstêd Ljouwert opnij iepen

09 sep 2002 - 00:00

De Nijstêd yn Ljouwert leit wer iepen, want der wurdt in proef dien mei in oare ûndergrûn foar de Sineeske leistien. Dêrfoar wurde in tal aparte fakken oanlein. Ferkear kin der de kommende wiken dreech del.

De Sineeske leistiennen sieten sa los dat hiele dielen opnij lein wurde. No wurdt besocht de ûndergrûn steviger te meitsjen mei natuerbalstiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)