Nijssite foar waadeilannen

24 apr 2008 - 18:47
  • De website hat in simmerske útstrieling....

De waadeilannen ha har eigen nijssite op ynternet krigen. De site hyt www.overtwad.nl en is it digitale ferlingstik fan de papieren krante Over 't Wad. Dy komt fjouwer kear yn it jier út yn in oplaach fan 50.000 eksimplaren.

Utjouwer Waddenmedia BV hat op elk eilân in eigen redakteur en fotograaf. It is de bedoeling dat sy alle wiken seker fiif berjochten per eilân leverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)