Nijssite Beweging útein set

21 sep 2009 - 09:33
  • De nijssite fan de Fryske Beweging

De Ried fan de Fryske Beweging is úteinset mei de website www.itnijs.nl It doel fan de site is om nijs yn it Frysk te bringen. Op de site komt net allinnich nijs út Fryslân mar ek nijs út de hiele wrâld. De nijsfoarsjenning wurdt fersoarge troch frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging.

De Fryske Beweging docht dit om it Frysk 'in folwoeksen plak as folsleine kultuertaal' te jaan. Itnijs.nl sil ekstra omtinken jaan oan nijs út 'de oare Fryslannen' yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)