Nijs provinsje fia Twitter

24 aug 2010 - 15:14
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje sil tenei Twitter brûke om nijs flugger nei bûten te bringen. Yn de koarte berjochten, tweets, sil de provinsje ferwize nei langere parseberjochten. Koarte nijsfeiten sille ek fia tweets ferspraat wurde.

De provinsje is net de ienige ynstânsje dy't Twitter brûkt. De meldkeamer fan de plysje brûkt it systeem no goed oardel moanne en neffens de plysje is dêrtroch al ferskate kearen in misdied oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)