Nijpels wol bemiddelje by krisis

23 maaie 2006 - 10:26

Kommissaris Nijpels sil bemiddelje yn de bestjoerskrisis yn Littenseradiel. De partijen yn de ried hawwe gjin betrouwen mear yn boargemaster Liemburg, nei krityk fan har op de foarming fan it nije kolleezje. Nijpels hat de fraksjes útnoege om dêr woansdei oer te praten.

De PvdA, is bliid dat Nijpels dit inisjatyf naam hat. Boargemaster Liemburg liet ferline wike witte dat se neat fielt foar bemiddeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)