Nijpels wiis mei stipe Staal

02 jan 2004 - 00:00

Kommissaris Nijpels is wiis mei de stipe dy't er freed krige fan syn Utrechtse kollega Boele Staal. Staal pleite yn syn nijjierstaspraak derfoar dat de sweeftrein mar gau oanlein wurde moat. Dat soe de natuergebieten oan de râne fan Utrecht sparje.

Op it provinsjehûs yn Ljouwert wie freed ek in nijjiersresepsje. Der waard gjin taspraak hâlden troch kommissaris Nijpels, mar minsken koene wol ynformeel mei inoar prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)