Nijpels: Waadakademy los yn 2006

21 des 2005 - 10:55

De provinsje Fryslân wol takommend jier al úteinsette mei de Waadakademy. Neffens Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels is der 1,9 miljoen euro yn't jier nedich om fiif ûndersikers en harren stêf oan it wurk te setten.

De fyzje fan Nijpels giet as advys nei minister Dekker. It is it doel om de Waadakademy te beteljen út de opbringsten fan it Waadgas, dat yn 'e takomst wûn wurde sil. Nijpels fynt dat de Waadakademy yn Ljouwert komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)