Nijpels skeint betrouwen Steaten

23 jul 2004 - 16:56

Kommissaris Nijpels hat it betrouwen fan de opposysjepartijen yn de Steaten skeind. Dat fynt de ChristenUnie/SGP. Nijpels seit yn de Telegraaf dat er foarstanner is fan in nij polityk bestel.

Yn dat bestel soe mar plak wêze foar twa of trije partijen. En dat wylst Nijpels krekt troch folle mear partijen yn de Steaten werbeneamd is. De CU/SGP stelt dêr fragen oer oan Deputearre Steaten en oan Nijpels sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)