Nijpels pakt aksjefierders werom

08 sep 2006 - 09:29

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat de ynternet-domynnamme www.stiftingfryskeaksje.nl fêstlein. Nijpels hat dat dien omdat dat syn namme -www.ednijpels.nl- fêstlein wie troch deselde stifting Fryske Aksje. Se hawwe dus no elkoars domynnamme.

De stifting Fryske Aksje kaapte de namme fan Nijpels om him der ta oan te setten Frysk te learen. De kommissaris betellet de stifting no mei deselde munt werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)