Nijpels net mear foarsitter

28 okt 2009 - 08:34
  • Nijpels leit mooglik foarsitterskip ABP del

Ed Nijpels leit syn funksje as foarsitter fan it amtnerspinsjoenfûns ABP del, as syn rol by de DSB syn funksjonearjen by ABP behinderet. Nijpels wie kommissaris by de DSB. Dêr wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei it fallite DSB. Mochten dêr saken nei foaren komme dy't net goed foar syn nije funksje binne, dan hâldt er op by ABP.

De âld-kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân waard op 1 augustus foarsitter fan de ABP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)