Nijpels moat krityk ynhâlde

13 okt 2005 - 12:24

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels moat him tenei ynhâlde at hy it hat oer it funksjonearjen fan de steaten.

Nijpels sei ôfrûne wykein dat it dualisme mislearre is, en dat it ek net leuk is. De steaten foelen massaal oer de útspraak. Benammen omdat Nijpels foarsitter is fan in wurkgroep dy't it funksjonearjen fan de steaten ûndersocht hat. Neffens de measte steatefraksjes hie Nijpels dy kritiek yn dy kommisje uterje moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)