Nijpels: mear stipe foar Oerol

14 jun 2003 - 00:00

De provinsje is nei alle gedachten wol ree om mear jild te jaan oan it Skylger Oerol-festival. At bliken docht dat de kwaliteit fan it festival achterútgiet troch gebrek oan jild, dat sil de provinsjale polityk wol wat fan him hearre litte. Dat is de ferwachting fan Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels.

Artistyk lieder Joop Mulder fan Oerol wiisde der freed by de offisjele iepening op dat it hieltiten dreger wurdt om it festival te organisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)