Nijpels iepent griengasstasjon

08 jan 2012 - 14:50

Ald-kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels iepent moandei op De Jouwer it earste griengastankstasjon fan Skarsterlân. It besteande tankstasjon oan de Haskerfjildwei is geskikt makke foar tanken fan grien gas. Nijpels is foarsitter fan Milieu Centraal. Hy sil in wike lang proefride yn in auto op grien gas.

Nederlân hat no goed tachtich ierdgastankstasjons. Dêrfan leverje 33 grien gas. Yn Fryslân kin op njoggen plakken grien gas tankt wurde. Grien gas is meastentiids fan dong makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)