Nijpels: histoaryske dei VVD

14 okt 2010 - 16:04

VVD-pommerant Ed Nijpels sprekt fan in histoaryske dei. Foar it earst sûnt 1918 is in liberaal premier fan Nederlân. De âld-kommissaris fan de keninginne yn Fryslân tinkt dat syn freon premier Mark Rutte it fier skoppe sil mei it minderheidskabinet fan CDA en VVD. Ed Nijpels en Mark Rutte binne partij-freonen. Se kinne elkoar al fan de jongerenôfdieling fan de VVD. Doe't Nijpels kommissaris fan de keninginne wie, hiene se geregeld kontakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)