Nijpels: gjin minút foar Fortuyn

06 maaie 2003 - 00:00

Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels hat tiisdei in fersyk om yn 'e steaten in momint stil te stean by Pim Fortuyn ôfwiisd. LPF-steatelid Oosterhuis frege de Kommissaris om Pim Fortuyn, de oprjochter fan syn partij, yn 'e steategearkomste te betinken.

Nijpels woe hjir net op yngean. Allinnich ferstoarne âld-steateleden wurde yn 'e steaten betocht. In betinking foar Fortuyn heart neffens Nijpels yn 'e Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)