Nijpels: ferjit efterstân net

11 sep 2004 - 09:57

De Twadde Keamer moat net ferjitte dat ek yn Fryslân ûnderwiisefterstannen binne. Neffens Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels driicht dat no wol te barren. Nijpels sei dat freed by de iepening fan it nije gebou fan it GCO, de Fryske ûnderwiisbegeliedingstsjinst.

Nijpels is min te sprekken oer it resinte beslút fan minister Van der Hoeven om it jild foar efterstannen yn de grutte stêden út te jaan. Op it plattelân is it probleem net lytser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)