Nijpels betanket alle Friezen

30 apr 2008 - 17:04
  • Ed Nijpels hat genoaten yn Fryslân (foto Dirk Jan Haarsma)
  • Nijpels en syn frou yn Frjentsjer (foto Martin de Jong)

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat woansdei in 'prachtige dei' hân. Nijpels sei dat fuortendaliks nei de besite fan de keninklike famylje oan Makkum en Frjentsjer. Nijpels is derfan oertsjûge dat Keninginne Beatrix en har famylje ek in moaie dei hân ha.

Nijpels belibbe woansdei syn lêste wurkdei. Hy betanke oan de ein fan de dei alle Fryske boargers. 'Ik heb genoten', sa sei Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)