Nijpels bestjoerder Reade Krús

14 nov 2006 - 20:32

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels wurdt foarsitter fan it klimaatsintrum fan it Reade Krús. Dat sintrum helpt Reade Krús- en Reade Heale Moanne-ferienings oer de hiele wrâld mei it tarieden fan minsken op natuerrampen.

Yn Nederlân is it sintrum belutsen by it meitsjen fan in Hitteplan. Dat moat der foar soarchje dat âlderen, groanysk siken en bern minder lêst hawwe fan hege temperatueren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)