Nijpels besoarge oer stjoermêst

11 okt 2000 - 10:05

Kommissaris Nijpels hat yn in brief oan steatssiktaris De Vries en oan de Twadde Keamer syn soarch útsprutsen oer de útstjoeringen fan Omrop Fryslân. Yn de takomst wurde de programma's fia de mêst yn Smilde stjoerd yn plak fan Jirnsum.

Nijpels fynt dy feroaring net akseptabel om't de stjoerder te fier fuort is en net as rampestjoerder brûkt wurde kin. Hy freget om it beslút werom te draaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)