Nijkommer klap foar cd-winkels

04 nov 2000 - 16:40

It liket in grutte klap te wurden foar de Ljouwerter cd-saken. Oer in pear wiken iepenet it Dútske Elektroanika bedriuw MediaMarkt de doarren yn Ljouwert.

Neist elektroanyske apparaten ferkeapet MediaMarkt cd's tsjin boaiemprizen. It bedriuw ferkeapet de cd's tientsjes goedkeaper as de gewoane cd-winkels yn it sintrum. It bedriuw soe de ein betsjutte kinne foar guon platesaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)