Nijjiersstunt De Feanhoop stikken

05 jan 2009 - 10:45
  • Fan it brêgewippershokje bleau net folle oer...

Fandalen ha in ein makke oan de nijjiersstunt fan ´e foarstanners fan it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Ynwenners fan De Feanhoop hiene in slachboom en in brêgewippershokje by de brêge oer it Polderhoofdkanaal delset. It húske, in angel mei klomp en in tal surfseilen binne snein yn ´e brân stutsen.

De organisatoaren hiene it guod dizze moanne stean litte wollen en mooglik brûke sillen foar in ferfolchaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)