Nijjierskuier âld-hertpasjinten

06 jan 2007 - 12:08

Mear as 110 âld-hertpasjinten rûnen sneontemoarn in nijjierskuier troch Dokkum. Dy waard holden yn ferbân mei it tsienjierrich bestean fan de hertrevalidaasje fan sikehûs Sionsberg. Dêr meitsje jierliks tusken de 50 en 100 hertpasjinten gebrûk fan.

Der wiene kuiers fan trije en fiif kilometer útset. Foar de minsken dy't net sa lang rinne kinne, wiene der aktiviteiten yn it sikehûs. Oan de ein fan de tocht stie in panne snert klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)