Nijjierskonsert harmony-orkest

12 jan 2014 - 12:10
  • Frysk Harmony Orkest

It Frysk Harmony Orkest jout sneintemiddei in fergees nijjierskonsert yn Mantgum. It orkest is ûntstien út it Fries Jeugd Harmonie Orkest. Dat waard twongen op te hâlden, doe't Keunstwurk de subsydzjekraan tichtdraaide. It nije orkest is selsstannich fierder gien ûnder lieding fan dirigint Thijs Oud. It orkest bestiet benammen út jonge Fryske talinten.

Op it nijjierskonsert wurdt de Fjoerfûgel fan Stravinsky spile. It konsert is yn De Wjukken yn Mantgum. It begjint om healwei fjouweren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)