Nijjiersgrap Polderhoofdkanaal

30 des 2008 - 11:47

De brêge oer it Polderhoofdkanaal op De Feanhoop wurdt op nijjiersdei ôfsletten foar it ferkear. Foarstanners fan it wer befarber meitsjen fan it kanaal sette in slachboom en in brêgewippershokje del. Passanten moatte tweintich sinten betelje.

De aksjefierders wolle mei de stunt stipe jaan oan de plannen foar weriepening fan it kanaal. It jild wurdt oanbean oan it kolleezje fan B. en W. fan Smellingerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)