Soad nijjiersdûken yn Fryslân

01 jan 2015 - 14:14
  • Dizze dielnimmer wie wer gau it wetter út
  • Mei in glydbaan it wetter yn yn Koatstertille
  • Opwaarmje mei fjoer, poeiermolke en snert

Stichting Survivalrun Koatstertille organisearre nijjiersdei foar de fjirde kear in nijjiersdûk. Op it trainingsfjild fan de survivalklup koene de leafhawwers oer in glydbaan it wetter yn. Ungefear tweintich leafhawwers diene mei. Foar dyjinge mei de moaiste outfit lei in ticket foar de survivalrun op 8 maart dit jier klear. Nei ôfrin traktearre de organisaasje op snert en poeiermolke.

Der binne op nijjiersdei in soad nijjiersdûken. Leafhawwers kinne te plak yn ûnder oare Bitgum, Boerum, Drachten, Grou, Midslân, Ljouwert en De Westereen.

Fryslân hat syn eigen Skeveningen. Foar de twadde kear wie der op nijjiersdei in nijjiersdûk yn de Waadsee by Harns. Sa'n 200 minsken giene de útdaging oan om yn it sâlte drabberige wetter te dûken. De lokaasje wie in winerich en kâld strân, dêr't ek noch in hiel ein draafd wurde moast om it wetter te berikken. De opbringst fan de Harnzer nijjiersdûk is foar de rêdingsmaatskippij KNRM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)