Nijjiersdûk Boerum giet troch

30 des 2010 - 16:35

De nijjiersdûk yn Boerum giet hoe dan ek troch. De organisaasje hat tongersdei de jachthaven iisfrij makke. De organisaasje fan de dûk ferwachtet goed 100 nijjiersdûkers.

Maklik wie it net de haven iisfrij te krijen. Der lei mear as 20 sintimeter. In boukraan en motorseagen wiene nedich it iis los te krijen. Leafhawwers fan in frisse dûk kinne sneon 12 oere yn Boerum it wetter yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)