Nijholt traint mei Cambuur mei

07 jul 2014 - 11:16
  • Gianluca Nijholt

SC Cambuur hat dizze wike Gianluca Nijholt op proef. De 24-jierrige middenfjilder giet mei op trainingskamp nei Epe. Nijholt komt út de jeugd fan FC Utrecht. Hy debutearre dêr yn it earste alvetal yn it seizoen 2007/2008.

De ôfrûne twa seizoenen spile er foar it Russyske Amkar Perm. In oare proefspiler fan Cambuur, Oliver Markoutz, giet net mei op trainingskamp. De spiler fan Bayern München 2 trainde de ôfrûne dagen mei de seleksje mei, mar Cambuur wol net mei him fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)