Nijhoarne hat primeur mei earste Fryske natuerbegraafplak

23 okt 2015 - 18:31
  • Hjir, by Nijhoarne, moat it natoerbegraafplak komme

It earste natuerbegraafplak fan Fryslân kin yn gebrûk naam wurden. Dat meldt inisjatyfnimmer Ab van Middelkoop. De plannen foar sa'n begraafplak by Nijhoarne kamen yn 2013 nei bûten ta. Nei oanlieding fan dy publisiteit hawwe in soad minsken harren melden.

Der wurde ek rûnliedings hâlden. Minsken kinne bygelyks in beamstam as grêfmonumint brûke of in fruitbeam plantsje. Van Middelkoop is noch dwaande mei in twadde natuerbegraafplak yn de Bremer Wildernis yn Gaasterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)