Nijenhuis wint wer 1000 meter

13 des 2004 - 09:23

Nijenhuis hat snein opnij de 1000 meter op syn namme skreaun by de Wrâldbekerwedstriden yn Harbin, Sina. Sneon prestearre er dat ek al. Nei in technysk goede race klokte er snein in tiid fan 1.10,37. Dêrmei bleau er sprintwrâldkampioen Erben Wennemars en Olympysk kampioen Gerard van Velde foar.

De oerwinningen lykje in trochbraak te foarmjen yn de karriêre fan de 20-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)