Nijenhuis wint 1500 m. manlju

08 nov 2004 - 10:41

Beorn Nijenhuis hat snein by it NK ôfstannen syn twadde oerwinning helle. Sneon wûn er al de 1000 meter, snein waard er ek earste op de 1500 meter. Nijenhuis notearre snein in tiid fan 1.49,09. Dêrmei hold er Erben Wennemars en Simon Kuipers achter him.

Dit trio sil nije wike meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden yn Hamar. Ek Mark Tuitert, dy't 6e waard, en Carl Verheijen (4e) dogge mei op de 1500 m. Rintsje Ritsma waard 25e op de 1500 m.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)