Nijenhuis wint 1000 meter

14 feb 2005 - 10:31

De striid om de wrâldbeker op de 1000 meter bliuwt spannend. Beorn Nijenhuis klopte snein yn Erfurt op de kilometer syn konkurrint Erben Wennemars. Syn achterstân op de sprintwrâldkampioen waard dêrmei lytser.

De beslissing falt takom wike op de WB-finales op It Hearrenfean. Nijenhuis notearre in tiid fan 1.09,20. Dêrmei wie er 0,20 sekonden flugger as Wennemars. It brûns gong nei Gerard van Velde (1.09,50).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)