Nijenhuis twadde op 1000 meter

11 nov 2006 - 15:05

By de wrâldbekerwedstriden reedriden dy't dit wykein op Thialf ferriden wurde, is Beorn Nijenhuis twadde wurden op de 1000 meter. Hy ried de ôfstân yn in tiid fan 1.09,21. Earste waarde de Súd-Koreaan Kyu-Hyuk Lee yn 1.09.01 en tredde Erben Wennemars yn 1.09,37.

Jan Bos dy't foarich wykein yn Assen noch earste waard op de 1000 meter, kaam net fierder as in fyfde plak yn 1.09,75. Davis wie fjirde yn 1.09,38.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)