Nijenhuis tredde, Timmer twadde

02 des 2006 - 13:44

Beorn Nijenhuis is sneon op de 1000 meter op de Wrâldbekerreedriden yn it Sineeske Harbin tredde wurden. De Fries ried in tiid fan 1.09,98. Erben Wennemars waard twadde yn 1.09,66. De earste priis gie nei de Koreaan Kyou Hyuk Lee yn 1.09,39.

Marianne Timmer waard twadde by de froulju op de 1000 meter yn in tiid fan 1.17,63. De Italiaanske Chiara Simionato wûn yn 1.16,99. De Sineeske Beixing Wang waard tredde yn 1.17,64.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)