Nijenhuis tredde op 1000 meter

20 feb 2004 - 00:00

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean is freedtemiddei yn Inzell by de wrâldbekerwedstriden tredde wurden op de 1000 meter. Nijenhuis ried de ôfstân yn in tiid fan 1.11,01. De Japanner Nakajima waard earste yn in tiid fan 1.10,77. Erben Wennemars pakte it sulver. Syn tiid wie 1.10,87.

Ek de froulju kamen yn Inzell yn aksje op de 1000 meter. De Amearikaanske Witty wie de rapste. Annamarie Thomas wie fjirde en de bêste Nederlânske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)