Nijenhuis tredde op 1000 meter

13 des 2003 - 00:00

Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat yn de nacht fan freed op sneon by de Wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City it tredde plakje ferovere op de 1000 meter. De 19-jierrige sprinter fan de TVM-ploech ried yn Amearika in tiid fan 1.08,37.

Dat wie mar ien hûndertste stadiger as syn teamgenoat en Olympysk kampioen Gerard van Velde. Winner fan de ôfstân waard Erben Wennemars yn 1.07,63. Nijenhuis waard 13e op de 500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)