Nijenhuis tred op 1500 meter

21 feb 2005 - 09:16

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean is snein by de Wrâldbekerwedstriden yn Thialf tredde wurden op de 1500 meter. Hy ried dy ôfstân yn 1.47,54. Winner fan de 1500 meter wie Mark Tuitert yn in tiid fan 1.46,57. Erben Wennemars waard twad.

Sneon waard Nijenhuis sande op de 1000 meter. Hy einige yn it einklassemint fan dy ôfstân op it twadde plak. Nijenhuis docht oer twa wike ek mei oan it WK ôstannen yn Inzell.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)