Nijenhuis sterkste op 1000 meter

12 des 2004 - 13:28

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat sneon yn de Sineeske stêd Harbin foar it earst yn syn reedrydkarriêre in wrâldbekerwedstriid wûn. De 20-jierrige TVM-rider wie de sterkste op de 1000 meter. Nijenhuis klokte in tiid fan 1.10,22 en bleau dêrmei Simon Kuipers foar.

Freedtemiddei gong Nijenhuis noch ûnderút op de trening en foel hurd op syn heup. Ta syn eigen ferrassing ried er dochs in goede 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)