Nijenhuis start net op WK sprint

17 jan 2005 - 10:27

Beorn Nijenhuis sil takom wike net starte by it WK sprint yn Salt Lake City. Erben Wennemars hat dit wykein by de WB-wedstriden yn Calgary de skate-off wûn fan Nijenhuis. Op de twadde 500 meter hold Wennemars syn foarsprong fan 0,35 sekonde op Nijenhuis.

Wennemars wûn ek de ôfslutende 1000 meter. Hy wie dit wykein op fjouwer ôfstannen flugger as syn rivaal. Nijenhuis is takom wike earste reserve by it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)