Nijenhuis net nei wrâldbeker

22 jan 2008 - 22:20
  • Sjoerd de Vries yn aksje op de skate-off (foto Martin de Jong)

Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean is der tiisdei op Thialf net yn slagge him foar de wrâldbeker te pleatsen.

Foar de 1500 meter waard in skate-off riden foar dielname it kommende wykein yn Hamar. Ek Sjoerd de Vries fan Twellingea rêde it net op. Nijenhuis waard fjirde, De Vries njoggende. Wouter Olde Heuvel hat de skate-off wûn, hy giet no nei Hamar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)