Nijenhuis nei Hofmeierploech

24 apr 2009 - 09:24
  • Beorn Nijenhuis hat in nije ploech (foto Martin de Jong)

Reedrider Beorn_Nijenhuis fan It Hearrenfean rydt fan takom seizoen ôf foar de Hofmeierploech. Nijenhuis komt oer fan de TVM-ploech, dêr't syn kontrakt net ferlingd waard. By Hofmeier treft de man fan It Hearrenfean ûnder oaren Jan Bos.

De yn Kanada berne Nijenhuis is Nederlânsk rekôrhâlder op de 1000 meter mei in tiid fan 1.07,07. De sprinter hopet him by syn nije ploech te pleatsen foar de Olympyske Spelen yn Vancouver 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)