Nijenhuis mooglik net nei WK

16 jan 2005 - 14:08

Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean driget it WK sprint takom wike mis te rinnen. Op de earste dei fan de skate-off mei Erben Wennemars wie Nijenhuis sawol op de 500 as 1000 meter stadiger. Hy waard tsiende en sande, wylst Wennemars beide ôfstannen wûn.

Nijenhuis en Wennemars stride om ien startbewys foar it WK. Sneontenacht ride de manlju op 'e nij de 500 en de 1000 meter. De bêste tiden telle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)