Nijenhuis fyfde yn klassemint

20 jan 2007 - 17:31
  • Beorn Nijenhuis

Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean stiet nei twa ôfstannen op it wrâldkampioenskip sprint yn it Noarske Hamar op it fyfde plak yn it algemien klassemint.

De Fries waard sneon sande op de 500 meter en fyfde op de 1000 meter. De Fin Pekka Koskela giet nei twa ôfstannen oan de lieding. Erben Wennemars stiet tredde. Snein komme de riders opnij yn aksje op de 500 en de 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)