Nijenhuis fyfde op WK ôfstannen

05 mrt 2005 - 19:50

Beorn Nijenhuis is der op it WK ôfstânnen net yn slagge in medalje te heljen. Op de 1000 meter waard de Fries fyfde. Hy kaam in tsiende fan in sekonde tekoart foar in brûnzen plak.

De Noor Even Wetten waard de ferrassende winner, wylst Jan Bos beslach lei op it twadde plak. Petter Andersen waard tredde. Ek Erben Wennemars syn prestaasje foel ôf. Hy waard njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)