Nijenhuis achtste op 1000 meter

19 nov 2006 - 15:21

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean is snein achtste wurden op de 1000 meter by de Wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Syn tiid wie 1.10,01. Erben Wennemars wûn de ôfstân yn in tiid fan 1.08,88. Twad waard de Súd-Koreaan Joon Mun yn 1.09,33. It brûns gong nei syn lângenoat Kyuo-Hyuk Lee.

By de froulju waard Anni Friesinger, de Dútse Dearsumer, earste op de 1000 meter. Har tiid wie 1.15,53. Ireen Wüst waard twad yn 1.16,13.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)